Penelope Gilliatt

Penelope Gilliatt
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Penelope Ann Douglass Conner
nasjonaliteit Britsk
berne 25 maart 1932
berteplak Londen (Ingelân)
stoarn 9 maaie 1993
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre lit. romans en ferhalen
histoaryske fiksje
perioade 2e helte 20e iuw
jierren aktyf 19651990
offisjele webside
Penelope Gilliatt yn 'e IMDb

Penelope Gilliatt (útspr.: [pɛˈnɛlɔpi ˈʤɪliət], likernôch: "pen-nel-lo-py dzjil-ly-ut"; berne as Penelope Ann Douglass Conner; Londen, 25 maart 1932 – dêre, 9 maaie 1993) wie in Ingelsk skriuwster en filmkritika. Yn dy lêste hoedanichheid wurke hja yn 'e 1960-er en 1970-er jierren foar de Britske krante The Observer en it Amerikaanske tydskrift The New Yorker. As auteur skreau Gilliatt romans, koarte ferhalen, non-fiksje en ien senario, wêrfoar't se nominearre waard foar sawol in Oscar as in BAFTA.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy